Wat is swurkbal?

Swurkbal (ôflaat fan de fiktive sport Swurkbal) is in mingde sport dy’t him miskien it bêste omskriuwe lit as in kombinaasje fan hânbal, rugby en trefbal. In relatyf jonge sport dy’t yn 2005 yn de Feriene Steaten ûntstie mar yntusken troch mear as tûzen tiims oer de hiele wrâld spile wurdt. Yn Nederlân binne de earste tiims begjin 2014 ûntstien.

Swurkbal is in tige libben en útdaagjend spul omdat der ferskate eleminten tagelyk troch-inoar rinne op it fjild. Tackelje mei en taktysk ynsjoch is in eask!

Spulregels

Op it earste each liket swurkbal miskien in bytsje gaotysk, mar yn it koart komt it hjir op del.

  • In swurkbaltiim bestiet út sân spilers, dy’t yn it spul altiten in biezem tusken har skonken klamd hawwe moatte. Sy nimme it tsjininoar op op in ovaalfoarmich fjild mei trije doelpeallen (ek wol hoepen neamd) oan elke kant.
  • De jagers (Ingelsk: chasers) besykje mei de swolk (quaffle), in licht opblaasde follybal, troch dy ringen te skoaren en fertsjinje dêr dan tsien punten foar. Elk tiim hat in wachter (keeper) dy’t dat besiket tsjin te hâlden. (Sjoch ek de figuer hjirneist.)
  • Dêrneist binne der yn elk tiim twa driuwers (beaters) dy’t smjunten (bludgers, trefballen) brûke om minsken ôf te goaien en om sa it spul te fersteuren. Elke spiler dy’t rekke wurdt, is tydlik út it spul en moat earst weromdrave nei jins hoepen foardat je wer meidwaan kin.
  • Op it lêst hat elk tiim in siker (seeker) dy’t as taak hat om de snaai (snitch) te krijen. De snaaidraver is in neutrale, yn it giel klaaide spiler, dy’t in tennisbal yn in sok oan jins klean befêstige hat. Dy snaai komt der nei 17 minuten yn, wêrnei’t op 18 minuten de sikers derby komme. Wannear’t de siker dy snaai wit te bemachtigjen, krijt jins tiim tritich punten en betsjut dat it ein fan it spul. It tiim mei de measte punten wint!

Sjoch foar mear ynformasje oer it regelsysteem op dizze side.

Genderregel

Neist it taktyske karakter fan de sport biedt swurkbal syn spilers in hechte mienskip dy’t iepenstiet foar leden fan allegear ferskate achtergrûnen. Fanwegen syn achtergrûn yn de literatuer ken swurkbal in mingde oanhang, fan Potterheads oant atleten.

Diversiteit en ynklusiviteit binne wichtige aspekten fan de sport. Sa is yn it regelboek de ‘four maximum rule’, ek wol ‘gender rule’, opnommen.

A quidditch game allows each team to have a maximum of four players who identify as the same gender in active play on the field at the same time. […] The gender that a player identifies with is considered to be that player’s gender.

– IQA Rulebook 2016-2018

Swurkbal, en dêrmei ek QNL, erkent dat net elkenien jin identifisearret as ofwol man of frou, of yn it binêre gendersysteem falt. We ferwolkomje spilers fan alle identiteiten en genders yn ús organisaasje en kompetysje.