Snaai

Neist skiedsrjochters hat in wedstriid ek in snaaidraver (snitch runner) nedich. In snaaidraver, ek wol simpelwei snaai (snitch) neamd, is in ûnpartidige offisjele persoan, klaaid yn it giel mei in tennisbal yn in sok oan jins broek fêst makke. It doel fan ’e snaaidraver is om te besykjen de beide tiims der sa lang moochlik fan te wjerhâlden dy sok beet te krijen. Sadree’t ien fan ’e sikers (seekers) de sok wit te bemasterjen, wurdt de wedstriid beëinige.

http://www.quidditchnederland.nl/wp-content/uploads/2017/05/13765948_1721339484784984_1520357056917912168_o.jpg
Foto: Bruggeling Quidditch Photography

Op dit stuit binne der noch gjin sertifikaasjes of offisjele opliedingen foar it wurden fan in snaai. Wol organisearret QNL in oantal kear it jier saneamde Snitch & Seeker-trainingen. Wy nûgje elkenien dy’t ynteresse hat om oan de slach te gean as snaai, om kontakt op te nimmen mei ús Gameplay-bestjoerder, Twan Elting, fia gameplay[at]quidditchnederland.nl.

Fierder advisearje wy dat elke snaai sertifisearre is as snaai-skiedsrjochter (snitch referee), hielendal wannear’tst meihelpe wolst by offisjele wedstriden, sadatst yn elk gefal oer genôch basiskennis fan ’e regels beskikst. Ynformaasje oer hoe’t dat krekt wurket is hjir te finen.