Skiedsrjochters

In swurkbalwedstriid wurdt pas as offisjeel beskôge as der foldwaande skiedsrjochters oanwêzich binne om de wedstriid te oersjen. Foar in offisjele wedstriid bestiet it skiedsrjochters-tiim út in haadskiedsrjochter (head referee, ek wol HR), twa oant fjouwer assistint-skiedsrjochters (assistent referees, AR), en in snaai-skiedsrjochter (snitch referee, SR). Fierder is der fansels ek noch in snaaidraver (snitch runner) nedich. Dêrneist moatte der achter de doelringen fan beide tiims doelskiedsen (goalrefs) opsteld wurde en moat der oan ’e sydkant fan it fjild ien de tiid en skoare byhâlde. Der komt dus in soad sjen by in offisjele wedstriid!

Elkenien dy’t wol, kin by in wedstriid helpe as doelskieds, stânskriuwer (scorekeeper) of tiidwaarnimmer (timekeeper). Dêrfoar is fierder gjin spesjale sertifikaasje nedich. Om te helpen as offisjele skiedsrjochter yn ’e posysje fan haadskiedsrjochter, assistint-skiedsrjochter of snaai-skiedsrjochter moatst dy earst sertifisearje litte. Hjirûnder fynst mear ynformaasje oer dat sertifikaasje-proses. Bist ynteressearre yn ’e posysje fan snaaidraver? Lês dan hjir fierder.

http://www.quidditchnederland.nl/wp-content/uploads/2017/05/Referee-Snitch-Crowd-World-Cup-2016.jpg
Foto: Bruggeling Quidditch Photography

Skiedsrjochter wurde

Yn prinsipe kin elkenien dy’t ynteressearre is yn in posysje as skiedsrjochter, jin dêrfoar sertifisearje litte. It sertifikaasje-proses rint fia de webside fan ’e International Quidditch Association (IQA) Referee Development Team (RDT). Dêr kinst ek in list fine mei de op dit stuit sertifisearre skiedsrjochters. Foar de list mei Nederlânske skiedsrjochters kinst hjir terjochte.

Hoechst dêrfoar gjin lid te wêzen by QNL, mar lidmaatskip by QNL of in bûn yn it bûtenlân soarget dat de testen foar AR en SR fergees binne. Ast foar beide testen slagge bist, kinst tagong krije ta de test foar HR. Foar sawol leden as net-leden kostet dy 15 euro.

Ast de (online) test súksesfol ôflein hast, bist op papier in ynternasjonaal erkende skiedsrjochter en kinst dy opjaan as skiedsrjochter foar offisjele wedstriden en toernoaien yn sawol Nederlân as it bûtenlân. (Let op: guon lannen hawwe eigen oanpassingen makke oan it regelsysteem. Kontrolearje wannear’tst nei it bûtenlân ta giest as skiedsrjochter dus altyd even de webside fan de oanbelangjende bûn of stjoer in berjocht nei de organisaasje.)

As HR kinst dêrnei ek noch in saneamde fjildtest (field test) trochstean. Dy wurde jûn troch de ynstrukteurs fan it RDT. Dy wurde benammen ôfnommen op ynternasjonale toernoaien lykas EQC, European Games en World Cup. Mear ynformaasje dêroer is te finen op ’e webside fan RDT sels. It súksesfol ôflizzen fan in fjildtest lit sjen datst net allinnich oer de teoretyske kennis beskikst, mar dy ek yn ’e praktyk tapasse kinst.