Oer ús

Quidditch Nederland is in non-profit dy’t funksjonearret as de nasjonale sportbûn fan de sport swurkbal yn Nederlân. Swurkbal is in kompetitive sport mei in heech tempo, sawol mingd wat gender oanbelanget as mei folslein contact, dy’t it maklikst te omskriuwen is as in kombinaasje fan rugby, hânbal en trefbal. De sport wurdt spile troch tûzenen spilers oer de hiele wrâld. Sjoch ek de side Swurkbal.

It haaddoel fan QNL is de ûntwikkeling en befoardering fan swurkbal yn Nederlân troch it oanbieden fan ynformaasje en stipe oan har leden, de offisjele ûnderferienigingen en swurkbalspilers en it promoten fan ’e sport yn it algemien yn Nederlân.

Dêrneist is QNL ferantwurdlik foar de organisaasje fan toernoaien en kompetysje yn Nederlân (lykas de Dutch Quidditch Cup en Dutch Quidditch League), de kommunikaasje mei de nasjonale sportbûnen fan swurkbal yn oare lannen en de kommunikaasje mei ynternasjonale organisaasjes lykas de International Quidditch Association (IQA).

Organisaasjestruktuer

De organisaasjestruktuer fan QNL is op twa manieren op te dielen. De earste is it ferskil yn funksje-type: bestjoersleden en frijwilligers.

QNL kin lykwols ek opdield wurde yn funksjes: it sekretariaat en de ferskate ôfdielingen.

It sekretariaat bestiet út de foarsitter, fise-foarsitter, ponghâlder en sekretaris.

De ôfdieling Gameplay bestiet út Gameplay-bestjoerder en frijwilligers dy’t ferantwurdlik binne foar saken lykas skeidsrjochters, snaaien, wedstriden en it nasjonaal tiim.

De ôfdieling Lidmaatskip bestiet út de Lidmaatskipsbestjoerder en frijwilligers dy’t ferantwurdlik binne foar saken lykas útwreiding.

De ôfdieling Publike Relaasjes bestiet út ’e PR-bestjoerder en frijwilligers ferantwurdlik foar saken lykas de webside, sosjale media, kontakt mei de media en keapguod & promoasje.

De foarsitter, fise-foarsitter, ponghâlder, Gameplay-bestjoerder, Lidmaatskipsbestjoerder en PR-bestjoerder foarmje byinoar it QNL-bestjoer. Sy wurde elk seizoen troch de QNL-leden ferkeazen yn ’e Algemiene Ledegearkomste.

Frijwilligers kinne op elk momint troch it bestjoer beneamd wurde, as it net oars oanjûn wurdt yn in reglemint.

Fierder kin it bestjoer of de algemiene ledegearkomste beslute tydlike kommisjes of foltiidkommisjes op te rjochtsjen, dy’t spesifike taken op har nimme. Foarbylden dêrfan binne bygelyks kommisjes dy’t de organisaasje fan in toernoai op har nimme.