Notulen

Seizoensplan 2017-2018

Oan ’e ein fan elk seizoen stelt QNL in seizoensplan op mei konkrete doelen foar it takom seizoen. It seizoensplan foar 2017-2018 kinst hjir fine: Strategic Plan 2017-2018. Foar seizoensplannen fan foarige seizoenen kin maild wurde nei bestuur[at]quidditchnederland.nl.

Winter-feedback

Yn desimber 2017 hat it bestjoer in feedbackformulier ferspraat om te hifkjen wat de spilers fan QNL fine, fan it bestjoer en syn wurksumheden dit seizoen. Hjir kinst de gearfetting en de refleksje fan it bestjoer op dy feedback fine.

Bestjoersgearkomsten

It bestjoer komt twa-wykliks gear oer in ferskaat oan saken relatearre oan sawol swurkbal yn Nederlân as dêrbûten. Yn it ramt fan iepenheid stelt it QNL-bestjoer de notulen fan dy gearkomsten ta beskikking.

Notulen oangeande fertroulike ynformaasje – lykas ynformaasje út oare (swurkbal)organisaasjes en persoanlike ynformaasje – binne ynkoarte of fuorthelle foar publikaasje.

Notulen 2017-2018

Notulen 2018-2019

Foar notulen fan gearkomsten fan foarige seizoenen kin maild wurde nei bestuur[at]quidditchnederland.nl.

(UPDATE) Der wurdt elke tiisdei fan ’e wike gearkommen troch it bestjoer fan QNL, foar fierdere fragen, nim kontakt op mei dy mailadressen.

Algemiene Ledegearkomsten

Teminsten ienris it jier komme de (fertsjintwurdigers fan) QNL-leden byinoar foar de Algemiene Ledegearkomst (ALV). De notulen en dokuminten fan dy gearkomsten binne hjir te finen.

Notulen oangeande fertroulike ynformaasje – lykas ynformaasje út oare (swurkbal)organisaasjes en persoanlike ynformaasje – binne ynkoarte of fuorthelle foar publikaasje.

Notulen ALV 21 augustus 2017:

Foar notulen fan gearkomsten fan foarige seizoenen kin maild wurde nei bestuur[at]quidditchnederland.nl.