Lidmaatskip

QNL biedt ferskate lidmaatskippen oan. Hjirûnder stiet in koarte beskriuwing fan ’e ferskate opsjes. Us komplete, offisjele lidmaatskipsbelied is hjir (yn it Ingelsk) te finen.

Yndividueel lidmaatskip

It opjaan foar yndividueel lidmaatskip giet fan dit seizoen ôf fia de tiims. Tiims kinne har leden online ynskriuwe fia it lidmaatskipsformulier.

Ynskriuwe as yndividueel lid kostet €15,- it seizoen* en wurdt bard troch dyn primêre tiim. Neist it feit datst de ûntwikkeling fan swurkbal yn Nederlân stipest, leveret lid wurde dy de folgjende foardielen op:

  • leden kinne har oanmelde foar de seleksje fan it Nederlânske nasjonale swurkbaltiim
  • leden kinne oanspraak meitsje op ferskate QNL-fûnsen, lykas bygelyks in bydrage fan QNL foar it ferkrijen fan EHBO-sertifikaasje
  • leden hawwe (fia har tiim) in stim yn ’e (jierlikse) algemiene gearkomst, lykas yn allegear QNL-besluten
  • leden krije koarting op ’e sertifikaasje-testen foar skiedsrjochters.

Tiimlidmaatskip

Spilest geregeld swurkbal en wolst mei dyn tiim meidwaan oan offisjele wedstriden, op sawol nasjonaal as ynternasjonaal nivo? Dan moatst soargje dat – neist it individueel lidmaatskip – dyn tiim registrearre stiet by QNL. It is de taak fan dyn oanfierder om te soargjen dat der by QNL in goed en aktueel spylroaster bekend is.

De kosten fan in kompetityf-tiimlidmaatskip binne €50,- it tiim, it seizoen*. Foar in ûntwikkeljend tiim binne de kosten €10,-. De detaillearre ferskillen tusken kompetityf en ûntwikkeljend tiim binne hjir te finen yn it Lidmaatskipsbelied. De tiimlidmaatskipskosten binne ûnôfhinklik fan it oantal spilers en it yndividueel lidmaatskip. De tiimoanfierder kin jin foar in tiimlidmaatskip ynskriuwe troch in ynfolle Tiimlidmaatskipsformulier te mailen nei de Lidmaatskipsbestjoerder, Max van Veen, fia lidmaatschap@quidditchnederland.nl.

Foardielen fan in tiimlidmaatskip:

  • in registrearre tiim kin meidwaan oan alle offisjele nasjonale wedstriden
  • in registrearre kompetityf tiim kin him pleatse foar ynternasjonale kompetysjes
  • in registrearre tiim kin in bod yntsjinje foar it organisearjen fan eveneminten
  • in registrearre tiim kin altiten rekenje op help fan QNL (byg. by it bestellen of yninoar setten fan materialen, by it organisearjen fan eveneminten)
  • in registrearre tiim wurdt fia QNL fertsjinwurdige yn Quidditch Europe en de IQA.

* In lidmaatskip wurdt oangien foar de doer fan ien seizoen. It QNL-seizoen rint fan 1 augustus o/m 31 july it dêropfolgjende jier. Wurdst lid yn in seizoen, dan betsjut dat datst fan it stuit fan ynskriuwing ôf oant it ein fan it oanbelangjende seizoen lid bist. Betellest yn alle gefallen de kosten foar in hiel seizoen.