Helpmiddels

Hjir fynst in oersjoch fan in oantal handige helpmiddels, skreaun troch de swurkbalmienskip, dy’t QNL sammele hat foar jim gemak. Hast sels wat fûn dêr’tst fan tinkst dat it in plak op dizze list fertsjinnet? Stjoer dan in mail nei bestuur[at]quidditchnederland.nl.

Materiaal

Swolk: foar offisjele wedstriden wurdt binnen QNL de Baden MatchPoint follybal, maat 5 yn donkerblau/wyt as swolk brûkt. Dy is ek standert yn Amearika en in oantal oare lannen. In alternatyf is bygelyks de Vetra follybal, maat 5.

Smjunten: as smjunten brûke we de Champions Sport Playground Ball, 8.5”. Foar training binne oare modellen ek prima, mar we riede wol oan in fergelykbere grutte te kiezen, en foar in model mei ‘textured grip’ te gean. In alternatyf is bygelyks de yn Dútslân brûkte Mikasa Official Rubber Dodgeball, 8.5”.

Bitsjes: ien fan ’e bettere bitsjemodellen op ’e merk binne de SISU mouthguards. Dy binne spesifyk ûntworpen om makliker te kinnen prate, drinke en ademje wylst it bitsje draachst. It 1.6 AERO-model is oer it algemien foldwaande foar gebrûk binnen swurkbal, mar mochtst in soad fysyk kontakt opsykje binnen de sport en wat ekstra beskerming wolle, is de wat djoerdere 2.4 MAX ek in opsje.

Omdat de bitsjes goedkeaper te ferkrijen binne by gruttere betellingen, keapet QNL sa no en dan in grutter oantal bitsjes yn. Bist allinnich of mei wat oaren út dyn tiim ynteressearre om mei te dwaan mei sa’n groepsbestelling, stjoer dan even in mailtsje nei bestuur[at]quidditchnederland.nl mei it oanjaan fan “SISU mouthguard interesse”.

It bestjoer is dwaande mei it skriuwen fan hoepsetbou-ynstruksjes. Kinst as ûntwikkeljend tiim ek materiaal liene fan QNL. Stjoer dêrfoar in e-mail nei contact[at]quidditchnederland.nl.

Wedstriden & toernoaien organisearje

Wedstriid Score Sheet (Ingelsk)
Ynfolle Score Sheet as foarbyld (Ingelsk)
QNL Spylroaster foarbyld (Nederânsk)
Quidditch Timekeeper App (Android) troch Lucas Scheuvens (Ingelsk)
Quidditch Pitch Set up, troch Ida Meyenberg (ôfbylding)
Algemiene evenemintekommisjeposysje-omskriuwingen (Ingelsk)
Konsept tiidline gruttere Nederlânske toernoaien organisearje, troch Nick van Klaveren (Nederlânsk)

Skiedsrjochters

Trainingsmateriaal en -gidsen, troch de IQA RDT (Ingelsk)
10 tips foar skiedsrjochters, troch Niklas Müller (Fryske oersetting út it Ingelsk)

Oefeningen, taktiken en training

Quidditch oefeningen oersjoch (Nederlânsk)
The McGill Quidditch Seeker Manual: A Handbook for Training, troch McGill Muggle Quidditch Team Club (Ingelsk)
A Small Guide to Tactics, troch Nadine Cyrannek (Ingelsk)
Tackling
The Art of Beating, troch Nathan Archer (Ingelsk)
Loud Mouth, a Field Communication Guide, troch Jay Holmes (Ingelsk)

Coache

Quidditch Skills Assessment Form, makker ûnbekend (Ingelsk)
Blanco Pitch, troch Ida Meyenberg (ôfbylding)
10 Tips to Improve Your Coaching this Quidditch Season, troch Gen Gibson (Ingelsk)
How to Motivate Your Team, troch Jay Holmes (Ingelsk)

PR en nei bûten trede

Public Relations & Community Outreach – QuidCamp workshop 2017, troch Juliane Schillinger & Nic Hirst (Ingelsk)
Quidditch Recruitment, troch Ajantha Abey (Ingelsk)

Oars

Quidditch Live Streaming 101, troch Annemieke Drost (Ingelsk)
A Guide to Tournament Performance in Hot Conditions, troch uOttawa Quidditch (Ingelsk)
Notulen meitsje 101, troch Annemieke Drost (Ingelsk)