Fakatueres

QNL kin altyd ekstra help brûke. Sjoch hjirûnder ris rûn foar de moochlikheden. Op dit stuit is QNL op ’e siik nei nije bestjoersleden foar it seizoen 2018-2019, lykas frijwilligers foar ferskate ôfdielings.

Bist ynteressearre yn in bepaalde frijwilligersfunksje? Stjoer dan in sollisitaasje-e-mail, mei motivaasje en relevante ûnderfining, nei contact[at]quidditchnederland.nl foar reguliere frijwilligersfunksjes, of bestuur[at]quidditchnederland.nl foar ynteresse yn in bestjoersfunksje.

Bestjoer

Foar it bestjoer 2018-2019 is QNL op ’e siik nei bestjoersleden foar de funksjes hjirûnder. Sollisitearje kin oant en mei sneon 16 septimber troch in mail te stjoeren nei bestuur[at]quidditchnederland.nl, mei it oanjaan fan motivaasje en relevante ûnderfining. De bestjoersferkiezings/beneamings sille wêze yn ’e takom Algemiene Ledegearkomste (ALV), dêr’t de datum sa gau mooglik bekend makke wurde sil. De ferwachte datum leit om ein septimber/begjin oktober hinne.

Foarsitter

As foarsitter bist op ’e hichte fan alles wat der binnen QNL, mar ek binne de ynternasjonale mienskip spilet. De foarsitter hat as belangrykste taak om it oersjoch te bewarjen om de taken en projekten hinne fan ’e rest fan it bestjoer en jout lieding oan de rest fan it bestjoer. As foarsitter bist dus ferantwurdlik foar sawol it bestjoer as Quidditch Nederland yn it algemien en hast in hiel soad ynspraak yn ’e takomst fan ’e organisaasje.

In folsleine funksje-omskriuwing fynst hjir.

Fise-foarsitter

De fise-foarsitter hat as belangrykste taak it ûnderstypjen fan ’e foarsitter en dêr’t nedich is jins taken tydlik oer te nimmen. Dêrneist is de fise-foarsitter meastentiids dwaande mei it (wer)skriuwen fan regleminten en de kommunikaasje mei de ynternasjonale swurkbalmienskip. In posysje as fise-foarsitter is dan ek in ideale manier om mear ynternasjonale kontakten op te dwaan yn ’e mienskip en dy dwaande te hâlden mei de relaasjes tusken QNL en it bûtenlân.

In folsleine funksje-omskriuwing fynst hjir.

Ponghâlder

As ponghâlder hast de ferantwurdlikheid oer de finansjele saken fan QNL. De ponghâlder hâldt jin dwaande mei it byhâlden fan ’e ynkomsten en útjeften fan QNL troch de bankrekken, de begruttings fan ’e ferskate QNL-eveneminten en it finansjeel ferslach dwaan.

Underfining as ponghâlder by in middelgrutte organisaasje en/of in relevante stúdzjerjochting wurdt oanret.

In folsleine funksje-omskriuwing fynst hjir.

Sekretaris & Lidmaatskipsbestjoerder

As sekretaris en lidmaatskipsbestjoerder hâldst dy benammen dwaande mei ynterne kommunikaasje, sawol binnen it bestjoer, as fan it bestjoer nei de leden. Sa hâldst dy bygelyks dwaande mei it notulearjen fan (bestjoers)gearkomsten, it byhâlden fan it lederegister, de nijsbrieven (yn gearwurking mei de PR-bestjoerder) en bist kontaktpersoan foar tiims en yndividuele leden.

In folsleine funksje-omskriuwing fynst hjir.

Gameplay-bestjoerder

De gameplay-bestjoerder hâldt jin dwaande mei alles oangeande gameplay. Dêrby kinst tinke oan it oanstellen fan kommisjes foar de organisaasje fan toernoaien, it oanstjoeren fan ’e seizoenskompetysje (league) en it stypjen fan skiedsrjochters en snaaien.

As sportbûn komt der wis hiel wat te pas by gameplay en dêrom wurdt de gameplay-bestjoerder dan ek ûnderstipe troch frijwilligers út de ôfdieling gameplay. By genôch frijwilligers sille in soad taken dus ôfdroegen wurde kinne oan oare frijwilligers en hat de gameplay-bestjoerder mear in tafersjochhâldende funksje.

In folsleine funksje-omskriuwing fynst hjir.

PR-bestjoerder

De PR-bestjoerder is ferantwurdlik foar alles oangeande PR. Dêrby kinst bygelyks tinke oan it skriuwen fan nijsbrieven (yn gearwurking mei de sekretaris/lidmaatskipsbestjoerder), it kontakt hâlden mei Nederlânske media en it betinken fan social media-kampanjes.

Omdat der hiel wat te pas komt by PR, wurdt de PR-bestjoerder bystien troch de frijwilligers út de ôfdieling PR & promoasje. By genôch frijwilligers kinne in soad taken ôfdroegen wurde oan oare frijwilligers en hat de PR-bestjoerder mear in tafersjochhâldende funksje.

In folsleine funksje-omskriuwing fynst hjir.

Frijwilligers

Frijwilligers kinne op elk momint troch it bestjoer beneamd wurde, of it moat wêze dat it oars oanjûn wurdt yn in reglemint. Hjirûnder fynst in list mei moochlike funksjes. Der binne in soad ferskate dingen te dwaan, dus wis foar elk wat!

Webside oersette

In grut part fan ús webside is op dit stuit allinnich yn it Nederlânsk beskikber wylst wy elk jier in groeiend persintaazje ynternasjonale spilers hawwe. Dêrom soe it handich wêze dat ek alle ynformaasje yn it Ingelsk (en it Frysk) beskikber is. Dy taak is tige rjocht foar de raap, wy stjoere dy in stik tekst, en do setst him oer. It soe ideaal wêze ast sa’n 300-500 wurden de wike oersette kinst! De folsleine funksjebeskriuwing fynst hjir.

Ofdieling PR & promoasje

Facebooksidebehearder

Do bist ferantwurdlik foar it pleatsen fan teminsten 1 berjocht yn ’e wike, promoasje en fersprieding fan relevante ynformaasje oer eveneminten en fakatueres. Wy sjogge ek graach ynteraktive ynhâld, lykas interviews en skynljochtberjochten foar spilers en tiims. Dêrneist is der fansels romte foar dyn ideeën!

We binne op ’e siik nei ien dy’t aardich en entûsjasmearjend skriuwe kin om de swurkbalmienskip in oanwêzigens te litten wurde op Facebook. Ast begjinst sille we dy helpe mei it opsetten fan in skema foar de foarsjenbere takomst, wêrnei’tst dat plan mar neirinne hoechst mei 1 of 2 berjochten yn ’e wike. Dat sil yn it begjin miskien wat mear tiid kostje, mar dêrnei sil it 2-3 oere wêze. De folsleine funksjebeskriuwing foar sosjale-mediafrijwilliger fynst hjir.

Twitterbehearder

De QNL-Twitter wurdt op dit stuit benammen brûkt foar it live tweeten fan grutte eveneminten. Mear ynhâld is better, wis op Twitter, dus hast hjir in soad frijheid om nêst dy eveneminten berjochten te pleatsen oer relevante artikelen of oar barren. De folsleine funksjebeskriuwing foar sosjale-mediafrijwilliger fynst hjir.

Koördinator Media

De Koördinator Media soarget foar alles wat te meitsjen hat mei nijs. Sa skriuwt dy persoan bygelyks nijsberjochten foar op ’e webside en kontaktearret regionale en/of nasjonale media foar QNL-eveneminten.

Databankopbouwer: foto’s en mediaferskiningen

Der wurdt wat ôffotografearre by swurkbalwedstriden en der binne in soad artikelen skreaun oer swurkbal yn Nederlânske media, safolle sels dat we troch de beammen de bosk net mear sjogge. Dizze taak komt yn trije dielen en kin ek prima dield wurde troch ferskate minsken.

  • In balansearre en komplete kolleksje fan swurkbalfoto’s.
  • Swurkbal yn ’e media oant no ta. Der binne hjir en dêr al listsjes mei mediaferskiningen en kontaktynformaasje fan ’e oanbelangjende sjoernalisten. It is lykwols tiid foar in databank dêr’t effisjint mei wurke wurde kin troch it PR-departemint.
  • In list fan swurkbalspilers dy’t mei media prate wolle, om kontakt mei sjoernalisten sa streamline moochlik te litten ferrinne.

Dy funksje is op projektbasis, dus der sit gjin fêste wurklêst oan. We soene it wurdearje ast 2-4 oere yn ’e wike spendearje kinst oan it projekt. We sille teminsten ienris yn ’e twa wiken freegje om op ’e hichte hâlden te wurden.

Keapguodmanager

De Keapguod-en-promoasjemanager is ferantwurdlik foar de byfertsjinsten fan QNL. Dy persoan wurket bygelyks keapguod-ideeën út en hâldt kontakt mei potinsjele stipers. Der binne in soad standert keapguod-ideeën út te wurkjen foar QNL, tink t-shirts, truien en stickers, mar oare kreative ideeën binne fansels ek wolkom! Silst gearwurkje mei de QNL-ponghâlder en op wei nei World Cup ek mei de Nasjonaal-tiimmanager mei it regeljen fan Flying Dutchmen-keapguod. De folsleine funksjebeskriuwing fynst hjir.

Ofdieling Gameplay

Koördinator Snaaien

De Koördinator Snaaien is ferantwurdlik foar de ûntwikkeling fan ’e Nederlânske snaaien binnen QNL. Dêrûnder sit bygelyks de organisaasje fan snaaitrainingen en wurkwinkels. De folsleine funksjebeskriuwing fynst hjir.

Koördinator Skiedsrjochters

De Koördinator Skiedsrjochters hâldt jin dwaande mei alles om skiedsrjochters en regels hinne binnen QNL. Dat is de kontaktpersoan foar de IQA RDT, de ynternasjonale organisaasje dy’t skiedsrjochters sertifisearret, en de kontaktpersoan foar Nederlânske skiedsrjochters foar fragen op it gebiet fan sertifikaasje en it regelsysteem. De folsleine funksjebeskriuwing fynst hjir.

Koördinator Eveneminten

De Koördinator Eveneminten is ferantwurdlik foar de organisaasje fan Nederlânske eveneminten, lykas de Dutch Quidditch Cup en de Open Dutch Summer Cup. Dy persoan soarget foar de oprop foar toernoaikommisjes, dy’t dêrnei de feitlike organisaasje op har nimme. De foarkar hat dat de Koördinator Eveneminten ek sels yn dy kommisjes in sit nimt, it leafst as (Assistint-)Toernoaibestjoerder of Gameplay-bestjoerder. Dêrneist organisearret de Koördinator Eveneminten de Mixed Friendlies. De folsleine funksjebeskriuwing fynst hjir.

Koördinator Kompetysje (League)

De Koördinator Kompetysje (League) organisearret de Nederlânske kompetysje. Dy persoan soarget dat de planningen makke wurde en dúdlik kommunisearre wurde mei de dielnimmende tiims. Fierder is dy persoan de kontaktpersoan foar de dielnimmende tiims foar alle fragen oangeande de kompetysje. De folsleine funksjebeskriuwing fynst hjir.

Gameplay-statistikus

De Gameplay-statistikus is ferantwurdlik foar it byhâlden fan allegear ynteressante data oangeande offisjele wedstriden binnen Nederlân (en dêr’t moochlik is dy fan Nederlânske tiims bûten Nederlân). De folsleine funksjebeskriuwing fynst hjir.

Algemien frijwilliger & mear

Wolst graach helpe binnen QNL, mar witst eins net sa goed wêrmei? Of wolst graach dwaande wêze mei fan alles wat? Stjoer dan in sollisitaasje as Algemien frijwilliger.

Hast in spesifyk projekt of bepaalde funksje yn ’e holle dêr’tsto graach mei dwaane wolle soest foar QNL, mar falt it net ûnder ien fan ’e boppeneamde funksjes? Nim dan kontakt mei ús op oer de moochlikheden: contact[at]quidditchnederland.nl