Eveneminten

QNL organisearret jierliks in oantal eveneminten, fariearjend fan iepen trainingen oant grutskalige toernoaien. Dêrneist wurde der yn gearwurking mei de IQA en Quidditch Europe grutte ynternasjonale kampioenskippen organisearre.

Hjirûnder is in oersicht te finen fan ’e ferskillende soarten eveneminten dy’t QNL organisearret, of dêr’t QNL oan meidocht. Op ’e QNL-kalinder is te finen wannear’t hokker barren wêze sil en wêr.

Mixed Friendlies

Friendlies binne freonskiplike wedstriden dêr’t elkenien yn wolkom is om swurkbal te spyljen. Soms sille besteande tiims tsjininoar spylje, mar oer it algemien wurde alle oanwêzige spilers ferdield yn mingde tiims. Friendlies wurde in oantal kear it jier hâlden, mei in wikseljend gasttiim.

Nasjonale toernoaien

Elk jier organisearret QNL ûnder oare de Dutch Quidditch Cup en de Open Dutch Summer Cup. De Dutch Quidditch Cup is iepen foar alle tiims yn Nederlân, en de Open Dutch Summer Cup is dêrneist ek iepen foar tiims bûten Nederlân.

Nasjonale kompetysje

Neist toernoaien organisearret QNL sûnt dit seizoen ek in reguliere kompetysje: de Dutch Quidditch League. Dit seizoen waard dy opsplitst yn in hjerst-kompetysje en in lente-kompetysje. Foar de kompetysje kinne alle kompetitive tiims har ynskriuwe. Mear ynformaasje oer de Dutch Quidditch League en de tuskenstân is hjir te finen.

Benelux Cup

In gearwurking mei de Belgian Quidditch Federation besykje we elk jier in toernoai te organisearjen foar tiims yn België, Nederlân en Lúksemburch. (Lúksemburch hat op dit stuit noch gjin offisjele nasjonale organisaasje.) Hoe’t dat toernoai der krekt útsjocht, is wat ôfhinklik fan it jier en de spesifike persoanen dy’t de organisaasje op har nimme.

Wy besykje de lokaasje tusken de ferskate lannen ôf te wikseljen. De lêste Benelux Cup wie yn 2016 yn Nederlân, dus in oare kear sil it toernoai organisearre wurde yn België.

European Quidditch Cup

De European Quidditch Cup, ek wol bekend as EQC, wurdt jierliks hâlden om april hinne. Yn dat toernoai spylje 32 kluptiims út hiel Europa wei tsjininoar. Om te meien spylje op EQC moatte de oanbelangjende tiims har earst binnen har eigen lân witte te kwalifisearje op in apart kwalifiseartoernoai.

EQC2018 sil wêze yn Pfaffenhofen an der Ilm, Dútslân.

European Games & World Cup

Yn ’e moanne fan july is der jierliks in grut evenemint as ôfsluting fan it ynternasjonaal swurkbalseizoen.

Mannichte by de Quidditch World Cup 2016 yn Frankfurt, Dútslân | Foto: Ajantha Abey Quidditch Photography

Yn ’e ûneven jierren binne der de European Games. In toernoai dêr’t de nasjonale tiims fan alle Eurpeeske swurkballannen it tsjininoar opnimme. De European Games 2017 wiene op 8-9 july yn Oslo, Noarwegen. Mear ynformaasje oer it evenemint is te finen op ’e Facebook-side.

Yn ’e even jierren wurdt de World Cup spile. Ek dêr nimme nasjonale tiims it tsjininoar op, mar diskear fan oer hiel de wrâld. De World Cup 2018 sil yn Florence, Italië wêze. De World Cup 2016 wie op 23-24 july yn Frankfurt, Dútslân. Dy is wûn troch Australië, mei de Feriene Steaten en it Feriene Keninkryk respektyflik twadde en tredde.