Bestjoer

Bestjoer 2018-2019

Hjirûnder sille de bestjoersleden har even foarstelle.

Laurent Lardenois – Foarsitter

Hoi ik bin Laurent, foarsitter fan QNL dit seizoen. Ik bin coach en spiler by Lumos Eindhoven. Ik studearje Software Engineering en hâld fan metal en bier.

Anna Bakker – Fise-foarsitter

Hoi, ik bin Anna en ik bin dit jier de fise-foarsitter fan QNL. Ik spylje sûnt 2016 as driuwer foar de Ravens en coach dat tiim ek. Ik sil my dit jier benammen dwaande hâlde mei it ûnderhâlden fan QNL syn ynternasjonale kontakten en it ûnderstypjen en foarmearjen fan kommisjes binnen QNL. Yn myn frije tiid studearje ik natuer- en sterrekunde en jou ik reedrydtraining oan bern.

Max van Veen – Sekretaris

Hoi ik bin Max. Dit seizoen bin ik sekretaris by QNL. Ik spylje benammen as wachter by de Rotterdam Ravens, mei sa no en dan in útstapke nei jagen en sykjen. Ik studearje Communicatie en multimedia design yn Amsterdam en hâld fan gitaar spylje.

Kyra Rombouts – Ponghâlder

Hoi ik bin Kyra. Ik bin dit seizoen de ponghâlder en spylje jager foar Lumos Eindhoven. Ik sit yn it lêste jier fan myn stúdzje autotechnyk. Fierder sit ik op scouting, hâld ik fan tochten meitsje, lêze en klean meitsje.

Gaëlle Pelupessy – Gameplay-bestjoerder

Hoihoi, ik bin Gaëlle en ik bin jim nije gameplay-bestjoerder. Ik spylje no in healjier swurkbal en mocht dêr sa oer dat ik in tiim begûn op te setten en mear dwaan woe foar QNL. Neist swurkbal studearje ik fiskaal rjocht en krûp ik graach myn hûn oan.

Kevin Prins – PR-bestjoerder

Hee ik bin Kevin, ik bin dit jier de PR-bestjoerder fan QNL. Ik spylje by de Rotterdam Ravens as jager, wachter en siker. Ik wurkje by in deiferbliuw yn Moerkapelle en sit neist swurkbal ek noch op fuotbal. Myn hobby’s binne game, ynstruminten bespylje en sporte.

Bestjoer 2017-2018