Weromsjen op EQC2018

No’t elkenien wer feilich thús en útrêst is, is it tiid foar ús om werom te sjen op in geweldige European Quidditch Cup 2018 dit ôfrûn wykein!

As it iennichste Nederlânske tiim wie ús nasjonale hoop festige op ’e North Sea Nargles. Spitigernôch hawwe sy har wedstriden op it Europeesk nivo ferlern, mar mei ferskate belangrike spilers net oanwêzich en in roaster mei in soad nije gesichten wie de fokus benammen rjochte op it opdwaan fan (ynternasjonale) ûnderfining en it meitsjen fan nije ynternasjonale freonen yn it wykein. Wy kinne yn elk gefal wis wêze dat dat lêste dúdlik slagge is!

Folgjend seizoen yntrodusearret Quidditch Europe in nij systeem foar de European Quidditch Cup, dêr’t it evenemint ferdield is yn twa difyzjes. Basearre op ’e resultaten fan ’e ôfrûne jierren sil Nederlân pleatst wurde yn Difyzje 2. Wy sjogge út nei in nije, ferbettere European Quidditch Cup folgjend seizoen en binne entûsjast oer de mooglikheden yn ’e takomst.

De Nargles wiene net de iennichste Nederlânske oanwêzigen dy’t har yn it swit wurke hawwe op it toernoai: Nederlân brocht op ’e nij in groep tige motivearre skiedsrjochters en frijwilligers: 6 skiedsrjochters, 2 snaaien en 2 livestream-frijwilligers hawwe har wykein bestege oan it stypjen fan EQC2018. Trije fan har wolle wy hjir yn it bysûnder fermelde.

As earste, lidmaatskipbestjoerder Annemieke Drost, dy’t dúdlik har nije pasje fûn hat yn it livestreamen fan swurkbaleveneminten. Annemieke hat de ôfrûne moannen Toni Zimpel en it Ruhr Phoenix TV-livestream-tiim holpen mei it tarieden op ’e ymminse taak EQC2018 te livestreamen mei twa kamera’s (foar in normaal byld en in snaai-kamera), in chatroom ûnder tafersjoch, ferskate kommentatoren en sels ûnderskate interviews. As kamera-operator foar in grut part fan it evenemint hat sy wis in wichtich ûnderdiel west fan ’e livestream fan dit jier.

Fierders, Max van Veen, dy’t ôfreizge nei Dútslân as snaaidraver. Op syn earste ynternasjonale toernoai yn ’e rol fan snaaidraver hat er in tal yndrukwekkende prestaasje levere en wis yndruk achterlitten by de oanwêzige tiims. Yn it bysûnder wolle wy him graach lokwinskje mei syn alderearste wedstriid, dêr’t er de 16 minuten, en dêrmei de lêste handikap, yn wist te beheljen!

As lêste, ús fisefoarsitter Chula Bruggeling, dy’t nochris in yndrukwekkende hoemannichte wurk wist te leverjen en net allinnich as skiedsrjochter mar ek as algemien frijwilliger. As skiedsrjochter by wol 13 wedstriden dêr’t fan 10 as haadskiedsrjochter wiene, wie net it iennichste wat sy dit wykein die; sa koe se om 5 oere moarns al op ’e wedstriidfjilden fûn wurde, en wie sy ek jûns noch entûsjast om de organisaasje te helpen!

Swurkbaleveneminten binne net mooglik sûnder frijwilligers en wy wolle dan ek elk dy’t ôfreizge is nei Dútslân om it evenemint te stypjen hertlik bedanke. As QNL binne wy tige grutsk op ’e Nederlânske tradysje fan it entûsjast helpen as frijwilliger yn it bûtenlân en wy hoopje dat noch in soad jierren te sjen oanhâlden.

As lêste wolle wy graach eks-QNL-lid Adrienne Robert-Vassy en har tiim op dit stuit, Titans Paris, lokwinskje mei har gouden medaljes. Lokwinske mei jim tredde Europeeske titel, Titans!

Leave a Comment