Credits: YV fotografie

Tiimspotljocht: North Sea Nargles

Dit foarjier sille alle QNL-tiims in plakje krije yn ’e QNL-Tiimspotljocht-searje, en as earste it tiim dat Nederlân fertsjintwurdigje sil op EQC 2018, de North Sea Nargles!

De North Sea Nargles is it Nederlânske tiim dat derom bekend stiet dat se de genderregel net brekke kinne op it fjild. Se binne fêstige yn net ien mar twa stêden, Leiden én Amsterdam. It tiim is de útfalsbasis foar guon fan ’e bêste sikers yn it lân en de status as ien fan ’e âldste tiims makket de Nargles ta in tiim dêr’t rekken mei hâlden wurde mei! Wy praten mei har foarsitter en oanfierder Charlie Hölscher.

Hoe is it tiim begûn?

Yn April 2014 wie der in yntroduksjetoernoai organisearre troch MQN (de eardere QNL) op Elfia Haarzuilens. Dat is wêr’t Nederlânsk swurkbal écht fan ’e grûn kaam, dat laat hat ta it begjin fan ’e Nargles. Nei it toernoai wiene in tal minsken superentûsjast om in tiim te begjinnnen en sa wie it tiim de Amsterdragons yn Amsterdam berne. Oan it ein fan ’e simmer fan 2014 wie der ek in ynteressegroep yn Leiden. Dat tiim hiet de Leiden Portkeys. Doe kaam EQC 2015 deroan en Nederlân hie twa kwalifikaasjeplakken tawiisd krigen; ien derfan gie nei de Wageningen Werewolves en de oare nei in oar Nederlânsk tiim. Sawol de Amsterdragons as de Leiden Portkeys hiene lykwols net genôch spilers om derhinne en omdat in grut diel fan ’e spilers fan beide tiims dochs oerienkamen, waard der besletten om de tiims byinoar te bringen en in nij tiim te starten. Sadwaande wie de North Sea Nargles berne!

Hoe binne jim oan ’e namme fan jim tiim kommen? En it logo?

De tiimnamme is keazen troch in stimming op ús oprjochtingsfeest. Der wiene ferskate nammen nei foaren brocht (wêrûnder in meunsterlike suggestje mei tsiis… we tinke der leaver net oan), mar North Sea Nargles wie in dúdlike winner. We woene gjin stêd yn ús namme omdat we fêstige binne yn twa stêden, dus betochten we datst yn dit diel fan it lân sa’n bytsje altyd wol ticht by de see bist en de Noardsee dus in goed alternatyf wie. De alliteraasje wie in aardige bonus. It logo is troch ús eigen geweldige Noah Vissenberg makke, dy’t safolle tiid bestege hat oan it kreearjen fan it perfekte seetema, dat him de holle dêrnei nei alle gedachten fol siet mei Nargles..

Hokker ferneamdenien soe yn it tiim passe? En wêrom?

Hannah Hart! Se is in kwear nerd dy’t hâldt fan wurdgrappen en yn it algemien fan keet skoppe, moatte we noch mear sizze?

Credits: YV fotografieCredits: YV fotografie

Leave a Comment